Waarmste maaienacht sûnt 1901

maaie 27, 2018 08:54

Min sliept troch de waarmte? Sûnt it begjin fan de mjittings yn 1901 wie in nacht yn maaie net sa myld as no, seit Weerplaza. Yn De Bilt kuolle it ôf oant 18,3 graden. It âlde rekôr, fan seis jier lyn, wie 16,9 graden.

Foto: pixabay.com

It waarmst wie it de ôfrûne nacht yn Vlissingen: dêr waard it net koeler as 19,2 graden. Yn it suden fan Brabân en yn ’e regio De Haach bleau it sa’n njoggentjin graden. It koelst wie it yn East-Grinslân mei trettjin graden. Der is pas offisjeel sprake fan in rekôr as de temperatuer yn De Bilt fannejûn ek boppe de 16,9 graden bliuwt. It waarburo giet derfan út dat dat bart. Oerdei wurde temperatueren oant tritich graden ferwachte.

maaie 27, 2018 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.