Utstel foar geregeld polityk oerlis mei Dútske Friezen

maaie 24, 2018 12:09

Upstalbeam maaie 2018

Achte oanwêzigen, freonen fan de betinking fan de Upstalbeam, hjir op tredde Pinksterdei 2018.

Myn namme is Tom Dykstra. My is frege jimme in groet út Westerlauwers-Fryslân oer te bringen. Ik doch dat as waarnimmend foarsitter fan de Stifting Slach by Warns. Alle jierren yn it lêst fan septimber organisearret dat stiftingsbestjoer by it monumint op it Reaklif in moeting fan Friezen út Westerlauwers-Fryslân.

Oanlieding foar de betinking is in militêre konfrontaasje út 1345 tusken de Fryske befolking en de greve fan Hollân. Omdat de greve de slach ferlear, koe frijheid en taal fan de Friezen bewarre bliuwe. Lykwols ek hjoed-de-dei stiet it frij brûken fan it Frysk troch de globalisearring noch ûnder druk. Dêrfandinne it hâlden fan in betinking om jin dêr bewust fan wêze te litten.

It sil jimme bekend wêze dat Ljouwert-Fryslân dit jier mei Malta kulturele haadstêd fan Europa is. In protte aktiviteiten binne opset om gasten út hiel Europa yn de kunde komme te litten mei it Fryske minderheidstaalgebiet. It biedwurd ‘iepen mienskip’ wol oanjaan dat ek al binne der ferskillen tusken de ynwenners fan de regio Fryslân it dochs in mienskip is, dêr’t minsken mei respekt foarinoar mei-inoar libje kinne.

Us betinkingstema’s stienen dêrom fan 2014 ôf yn it ljocht fan ferbining. Ferbining oer grinzen hinne. Sa wie it tema yn 2016 de bining mei Friezen oer steatsgrinzen hinne en leveren de hearen Bahne Bahnsen (út Noard-Fryslân) en Arno Ulrichs (út East-Fryslân) op dy betinking dêrta in bydrage. Gearwurking is fan grut belang en krekt yn Europeesk perspektyf is dy gearwurking foar de Fryske mienskip wichtich.

Sa as earder al op ynternasjonaal oerheidsnivo ôfspraken makke binne oer it waadgebied, sa soe dat ek foar de Fryslannen kinne. Der binne nammentlik ferskillen yn oanpak en regelingen sawol tusken de Nederlânske as de Dútske (regionale) oerheden. Friezen ha gjin eigen steat en dat hâldt maklik efterstelling yn.

Oanwêzigen. Op dizze dei – de tredde Pinksterdei en op dit plak dêr’t yn de Midsiuwen fertsjintwurdigers fan de Fryslannen byinoar kamen – doch ik it útstel foar in regulier en periodyk Upstalbeam-oerlis. In oerlis – krekt as eartiids – fan de regionale oerheden út de ûnderskate Fryslânnen. No binne der ek wol ynterfryske kontakten troch organisaasjes as de Frysk Rie en de Ynterfryske Rie, mar in stap fierder is oerlis op polityk mêd.

Sa’n stap is nedich om dy mienskip te fersterkjen mei it each op de feroarjende ferhâlding fan de nasjonale steaten mei Brussel. As al it waadgebiet om syn natoerwearden as in ienheid besjoen wurdt, soe dat foar it Fries-wêzen ek jilde kinne. It wenjen oan en yn it Waad foarmet in eigen taal- en kultuergebiet dat past by it Europeeske ideaal fan kultureel ferskaat. Sa’n Upstalbeam-oerlis soe dêr takomst oan jaan kinne.

Tige de groetnis út Westerlauwers-Fryslân.

Tank foar jimme oandacht,

Thomas Dykstra

maaie 24, 2018 12:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Oepke de 3de juny 3, 22:30

    Moai skrieun en dankjewol faor dit nijs

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.