Universiteiten en ûnderwiisynspeksje oanklage om taalbelied

maaie 17, 2018 23:32

De kolleezjes op Nederlânske universtiteiten en hegeskoallen moatte wer yn it Nederlânsk jûn wurde. Dat seit de feriening Beter Onderwijs Nederland, de BON. De feriening wol dat no fia de rjochter foarinoar krije.

It sterkste argumint fan de BON is dat de wet it Nederlânsk foarskriuwt as fiertaal fan it heger ûnderwiis. Yn de Wet op het Hoger Onderwijs wurdt dat letterlik sein. Allinnich yn útsûnderlike gefallen mei dêrfan ôfwykt wurde, wylst in protte ynstellingen foar heger ûnderwiis de ôfrûne jierren it Ingelsk as de normale ûnderwiistaal ynfierd hawwe en fan dosinten easkje dat dy harren Ingelsk op nivo bringe.

Oare arguminten fan de BON binne dat de kwaliteit fan it ûnderwiis tebekrint as studinten en dosinten in frjemde taal brûke moatte, dat soks ek de kwaliteit fan ‘e wittenskip skea docht en dat in Ingelsktalige stúdzje studinten net goed tariedt op it funksjonearjen yn ‘e Nederlânsktalige maatskippij. De maatregel soe boppedat op kosten gean fan de status fan it Nederlânsk.

De BON hat de universiteiten fan Twinte en Maastricht oanklage, om’t dy it fierste geane mei de feringelsking. Fierders hat de BON de ûnderwiisynspeksje oanklage, om’t dy neat dien hat tsjin in maatregel dy’t yn striid is mei de wet.

maaie 17, 2018 23:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*