Tweintigers en tritigers boaskje hieltyd minder
Resint ferskynd
Tweintigers en tritigers boaskje hieltyd minder en kieze faker foar in registrearre partnerskip. Dat berjochtet it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) op basis fan foarriedige sifers oer ferline jier.
Hast 65.000 spantsjes fan yn ’e tweintich of tritich joegen inoar yn 2017 it ja-wurd. Tweintich jier lyn wiene dat noch likernôch 85.000 spantsjes. De ôfrûne jierren skommele it tal houliken fan tweintiger en tritigers al om de 65.000 hinne. It registrearre partnerskip wurdt just hieltyd populêrder yn dy leeftiidsgroep. Ferline jier keazen hast 18.000 jonge spantsjes dêrfoar. Dat is goed twatûzen mear as yn 2016 en likernôch 11.000 mear as tsien jier lyn.
It CBS tinkt dat tweintigers en tritigers minder faak boaskje om’t se har minder wis fiele oer harren finansjele takomst, bygelyks troch fleksbanen. “Wy sjogge dat foaral de leger oplate wurknimmers mei fleksbanen wol in partner hawwe, mar net altyd de stap nei it houlik sette”, seit Jan Latten, haaddemograaf fan it CBS. It kin ek meispylje dat spantsjes by de oankeap fan in hûs sûnt koart mear eigen jild nedich hawwe. Faaks wolle se dêrfoar sparje yn stee fan foar in brulloft.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje