Twa berchbeklimmers komme om op Mount Everest

maaie 21, 2018 11:19

Foto: Wikipedia/Daniel/babasteve – lisinsje CC BY 2.0)

Op de Mount Everest binne twa berchbeklimmers om it libben kaam. It giet om in 35-jierrige Japanner en in 63-jierrige man út Masedoanië, berjochtet in wurknimmer fan it kamp dêr’t de klimmers taholden foar’t se fuortgiene. De slachtoffers kamen snein en moandei om doe’t se besochten de top te berikken. It lichem fan de Japanner waard oantroffen yn syn tintsje op sa’n 7400 meter hichte. Oer de dea fan de Masedoaniër is neat bekendmakke.

De omkommen Japanner wie in klimmer mei ûnderfining. Hy hie de Mount Everest al sân kear beklommen. By in eardere ekspedysje, yn 2012, siet er dagenlang fêst yn in sniegrot. By temperatueren fan -20 graden Celsius frearen syn fingerseinen derôf.

Alle jierren beklimme sa’n 340 minsken de Mount Everest op it grinsgebiet tusken Sina en Nepal. It is de grutste berch fan de wrâld mei in hichte fan 8848 meter. Meastal wurde de klimmers begelaat troch sherpa’s, gidsen dy’t de berch goed kenne. It tal minsken dat by de tocht om it libben komt, leit jierliks tusken de fiif en tsien. Ferline jier wiene der seis slachtoffers.

maaie 21, 2018 11:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.