Trump heart net Laurel of Yanny, mar ‘covfefe’

maaie 18, 2018 09:13

“Hoe kin ien hjir no wat oars yn hearre?” Der wie in protte diskusje fan ’e wike op ynternet oer in opfallend lûdsfragmint. De ien hearde Yanny, wylst de oare der wis fan wie Laurel te hearren. Yn it Wite Hûs wiene se it der ek net oer iens. “Sa dúdlik Laurel”, seit Ivanka Trump yn in fideo dy’t ôfrûne nacht publisearre is. Hja hat folop meistanners, lykas fise-presdint Mike Pence. “Wa is der no foar Yanny?” Parsesjef Sarah Huckabee Sanders wurdt frege oft it strykt dat se ek yn it Laurel-kamp sit. “Dat is sabeare nijs, ik hear allinnich Yanny.”

Presidint Trump heart net ien fan beiden. “It is covfefe”, seit er, referearjend oan in riedseleftige tweet fan in jier lyn. It lûdsfragmint is de ôfrûne dagen, allinnich al op Twitter, tsientallen miljoenen kearen beharke. Neurowittenskipper Lars Riecke lei oan NOS op 3 út dat it in kwestje fan persepsje is. Laurel likegoed as Yanny is te hearren, mar beide op in oare frekwinsje. Laurel is op in relatyf lege frekwinsje te hearren, Yanny just op in hege. Wat jonger as men is, en wat ‘better’ as jins gehoar is, namste grutter de kâns is dat men Yanny waarnimt. It apparaat dêr’t men op harket hat ek ynfloed op de útkomst.

Harkje nei it lûdsfragmint:

maaie 18, 2018 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*