Stonecrobs wint Liet 2018

maaie 14, 2018 12:41

De band Stonecrobs hat snein it Fryske sjongfestival Liet 2018 wûn. Stonecrobs bestiet út Durk Sybesma, Freerk Siemen Hospes, Bruno Rummler en Johannes Hospes. Sy spilen it nûmer ‘Yn frijheid kinsto libje’.

Rjocht yn it hert

Stonecrobs wie ien fan de tsien finalisten fan Liet 2018 dy’t snein yn Neushoorn yn Ljouwert stienen. “Se hienen in hiel moaie gearsang, hiel spesjaal, fjouwer jonges op in rige”, sei sjueryfoarsitter Jan Tekstra. “Se hienen in goeie ynteraksje, de stimmen kleurden moai byinoar. Rjocht yn it hert.”

Hielendal prachtich

Freerk Siemen Hospes hie net ferwachte dat syn band winne soe. “We skreaunen altyd in hiel soad yn it Ingelsk. Mar it Frysk is dochs ús eigen taal, dus we seinen: lit ús it ris besykje. En dan hoopje je allinnich mar dat minsken it moai fine. As je dan winne, dan is it hielendal prachtich.”

Twadde en tredde plak

Berend Riemersma einige op it twadde plak en Klaske waard tredde.

Liet International XXL

Stonecrobs sil no Fryslân ek op 23 maaie fertsjinwurdigje by Liet International XXL. Dêr komme tal fan muzikanten út ferskate minderheidstalen yn Europa. Dy finale is op ‘e nij yn Neushoorn.

Tekst: Omrop Fryslân

maaie 14, 2018 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.