Stimekspresje bysûndere ynfolling ‘Fertel!… Fertel!’

maaie 17, 2018 09:03

Hja sjongt yn de breedste sin fan it wurd: sjongcoach/haptonoom/dirigint Atsje Lettinga fan de Muzykpleats ûnder Bûtenpost jout sneon 26 maaie o.s. in wurksjop Stimekspresje mei de Keunstwike Achtkarspelen yn Stynsgea.

Atsje Lettinga (foto: Stifting Keunstkrite Twizel)

It keunstwiketema ‘Fertel!… Fertel!’ hat alles te krijen mei it brûken fan de stim en en de stimbannen. Yn de wurksjop stean klank, sykheljen, technyk, doarre en leare te harkjen nei jinsels sintraal. “Elts minske hat syn eigen ferhaal en in eigen stim. Dat kinne je letterlik en figuerlik ynterpretearje. Hjir giet it foaral ek oer de wille en it brûken fan de stim. De aktiviteit is leechdrompelich en foar elkenien tagonklik. Aldens en komôf meitsje net út”, seit Keunstkrite projektlieder Hetty Croms. As lokaasje mei beskikt wurde oer in moaie âlde partikuliere wente mei heech plafond dêr’t it lûd goed ta syn rjocht komme kin. De wurksjop wurdt om 14.00 en om 15.00 oere jûn foar in groep fan maksimaal tsien persoanen. Oanmelding is needsaaklik.

Tiid: sneon 26 maaie o.s. om 14.00 en 15.00 oere
Lokaasje: Abrahamsplein 9, 9284 TD  Stynsgea
Kosten: € 5,- de persoan.

Oanmelde fia www.keunstkrite.nl of info@keunstkrite.nl of 06 – 16480635.

NB: Foar dizze aktiviteit kin ek de troch de gemeente LF2018-bon ‘Achtkarspelen op syn bêst!’ brûkt wurde.

maaie 17, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.