Steatssekretaris wol minsken út de skulden helpe

maaie 23, 2018 09:38

Gemeenten moatte mear minsken mei skulden helpe, en dat moat effisjinter barre. Steatssekretaris fan Sosjale Saken Van Ark sil dêrom mei gemeenten yn petear oer in nije oanpak fan skulden, want in protte minsken falle no bûten de boat en kinne foar help net terjochte by de gemeente. De Wet gemeentlike skuldhelpferliening skriuwt foar dat minsken net útsletten wurde meie foar skuldhelpferliening, sûnder dat nei de yndividuele omstannichheden sjoen wurdt. Yn ’e praktyk bart dat wol.

Foto: pixabay.com

Ombudsman Van Zutphen warskôge begjin dit jier noch oer it tanimmend tal klachten fan boargers dy’t by him komme. Foaral minsken dy’t yn in skieding lizze en zzp’ers wurde hast net talitten ta skuldhelpferliening. Yn it regearakkoart hat it kabinet de kommende trije jier tachtich miljoen euro frijmakke foar de oanpak fan skulden. Njoggentich persint dêrfan is ornearre foar gemeenten sadat dy flugger en better helpe kinne.

Ien op de tsien húshâldens yn Nederlân hat problematyske skulden. En in grutte groep rint it risiko om yn ’e skulden telâne te kommen. Dat is te folle, fynt Van Ark. Om knyppunten wei te nimmen, komt sy woansdei mei fjirtich aksjepunten. Foarkomme en goede begelieding binne dêrby de wichtichste útgongspunten. Ynkassokosten foar lytse boetes sille omleech. Ien syn skulden moatte yn ien kear by de rjochter behannele wurde. Ynkasso moat soarchfâldiger dien wurde. “In skuldner moat altyd yn syn libbensûnderhâld foarsjen kinne”, skriuwt de steatssekretaris.

In greep út de fjirtich aksjepunten
It minimum-ynkassobedrach moat omleech. No is dat fjirtich euro, ek al hat men in boete fan in pear euro. Hoe heech oft it bedrach wurdt, sil it kabinet ûndersykje. By legere boeten moat it ek mooglik wêze om in betellingsregeling ôf te sluten. By bedraggen fan 75 euro of heger moat it mooglik wurde om yn terminen te beteljen. En der komt in spesjaal ynkassoregister. Allinnich buro’s dy’t oan alle easken foldogge oangeande oprjochting, bedriuwsfiering en oplieding komme dêrfoar yn ’e beneaming. Makket in ynkassoburo te folle flaters, dan wurdt it beboete en ferliest it de registraasje. Foar de simmer folget de konsultaasje fan it wetsfoarstel dêr’t ûnder oare yn regele wurdt dat minsken by beslach op in bankrekken foldwaande jild oerhâlde om fan te libjen.

maaie 23, 2018 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.