Stân fan saken 11Fountains yn Súdwest-Fryslân

maaie 10, 2018 09:11

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Op tiisdei 8 maaie is de Fiskfontein fan Starum teplak set. De dei dêrfoar is de grutte fisk út Tilburch wei nei Starum brocht. Tiisdeitemoarn om 8.00 oere is er mei in autolaadkraan út de frachtwein ‘op it droege’ takele. De bysûndere skepping fan de Amerikaanske keunstner Mark Dion is 3,3 meter heech, seis meter breed en 8,4 meter lang. De fisk is ûnderwilens hielendal op kleur brocht.

Boalsert hat ôfrûne moandei syn fontein krigen. Nei inkele wiken fertraging is de Flearmûsfontein, in ûntwerp fan de Belgyske keunstner Johan Creten, moandei 7 maaie ynstallearre op it Broereplein. Om it delsetten fan de fontein mooglik te meitsjen gongen ôfrûne wike trije fundearringspeallen de grûn yn. “Dat wie presyzjewurk”, fertelt wethâlder Stella van Gent. “Earst is archeologysk boarûndersyk dien. Op grûn dêrfan hawwe wy besletten om de peallen wat op te skowen, dêr’t skea oan bonkerakken en oare archeologyske wearden troch te foaren kommen is.” De gemeente docht al sûnt 4 april archeologysk ûndersyk op it Broereplein nei’t by graafwurk – nedich om de fontein pleatse te kinnen – op bonkerakresten stjitten waard.

Moandei is yn Snits ‘De Fontein fan Fortuna’ ek op syn plak set yn it wetter fan it Heechein. In pear dagen earder mislearre it delsetten troch in konstruksjeflater. De Blommefontein yn Drylts is takom wike oan bar. Yn Hylpen giet it delsetten fan de Flora- en Faunafontein yn etappen, mei it teplak setten fan de libbensbeam as slútstik. Dat bart yn de dagen foar 18 maaie, as alle alve fonteinen yn de provinsje tagelyk yn gebrûk nommen wurde. De fontein yn Warkum, mei de twa ‘Woeste liuwen’ is al sûnt 25 april te bewûnderjen.

maaie 10, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.