Smûk konsert yn Hichtum foar Tadzjikistan

maaie 15, 2018 15:21

Op snein 27 maaie 2018 is der om 3 oere de middeis wer in smûk konsertsje yn ’e tsjerke fan Hichtum foar it wurk fan de Stifting Stype Tadzjikistan. It konsert wurdt organisearre troch Baroktrio Thâ Thrîa, dat bestiet út Arjen Versloot (fioele), Baukje Westra (fluit) en Liuwe Westra (klavesimbel). Dizze kear wurdt ek meiwurke troch Piet Vessies op oargel en sjongeres Klaske Atema.

It programme is ôfwikseljend en tagonklik. Ut ’e barok klinke ûnder mear sprankeljende blokfluitmuzyk fan de Ingelske komponist Woodcock en wurk fan Telemann, Händel en Bach; der klinke lieten fan Gysbert Japiks, César Franck en Rossini, en op oargel stikken fan Charles Wesly en Joseph Haydn.

De tagong is fergees, de opbringst is ornearre foar it wurk fan de Stifting Stype Tadzjikistan foar in tehûs foar hendikepte bern yn Tadzjikistan. Foar mear ynformaasje, sjoch www.stichtingstype.nl. Nei de tiid is der in bakje kofje of tee mei wat derby!

maaie 15, 2018 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.