Simmerdeis is mienskip

maaie 20, 2018 07:17

Fan 28 juny oant en mei 1 july stiet Drachten en omkriten yn it teken fan muzyk, sirkusfoarstellingen, strjitteäter en bernefoarstellingen. 

Moaie ferhalen yn De Taalkaravaan.
Lân fan Taal komt dit jier nei Simmerdeis ta mei De Taalkaravaan. De wrâld wurdt aloan mear meartaliger. Oan de iene kant meitsje minsken har los fan harren eigen krite, mar tagelyk bliuwt der in ferbining troch de taal dy’t se prate. Wat is fertroud en wat is nij? Dêr set De Taalkaravaan de besikers oer oan it tinken troch taal op boartlike wize oan te bieden. Der wurde eigensinnige ferhalen typt op in âlderwetske typmasine yn Het Redactielokaal. Of se harkje nei in bysûnder ferhaal wylst se yn in hingmatte rûndraaie mei sicht op de wolken by De Relaxerette.  

Driuwend ôffal? Nee, keunst!
Carolien Adriaansche is byldzjend keunstner, mar kin neffens harsels ek ôffalferwurkingsbedriuw neamd wurde. Se wurket mei plestik ôffal en freget dêr omtinken mei foar klimaatferoaring. Op Simmerdeis set se ôffal yn om foarm te jaan oan it bysûndere projekt Floating Cities. De kleurige stêden krije in plakje yn de fiver en binne bysûndere blikfangers. Yn de oanrin nei Simmerdeis ta wurkje ferskillende groepen mei oan it projekt. Jongelju fan Place2B, it AZC en Sûnenz-bewenners soargje elk foar oar foar in eigen Floating City. Besikers nifelje in boatsje fan ôffal yninoar.

Craftwurk & Stichting Taak
By Bestemming Drachten 2018 presintearje keunstners Yasser Ballemans, Henk Hofstra, Melle Smets en William Speakman harren takomstfyzje op in aventoerlik, duorsum en ynnovatyf Drachten. Der kin meiboud wurde oan in driuwend skulptuer dêr’t de takomst fan De Tussendiepen en het Waterfront mei ferbylde wurdt. De besikers kinne ek op reis mei Reisbureau Zonderling: in ûntdekkingstocht yn eigen stêd. It plak dat al jierren bekend terrein is hat altyd noch wol in nij aventoer yn petto…

Besikers wurkje gear
De besikers fan Simmerdeis wurde by dizze edysje op noch mear wizen oanfitere om mei-inoar wat moais te meitsjen. Bygelyks yn Micro Shakespeare, in spannend ymprovisaasjetonielstik fan fiif minuten dêr’t twa besikers sels de haadrol yn spylje, de iene as tonielspiler en de oare as it publyk. En yn Mensenbieb om weardefolle ferbiningen te lizzen mei nijsgjirrigens as paadwizer. Hoe fielt it bygelyks om yn in rolstoel te sitten? Yn de Mensenbieb kinne besikers út in katalogus fan ‘libbene boeken’ in minske kieze mei in bysûnder ferhaal en sa yn petear reitsje.

maaie 20, 2018 07:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.