Schreiersbrêge tydlik iepen

maaie 15, 2018 15:43

De Schreiersbrêge yn Dokkum – Foto: Google Street View

Fan woansdei  16 maaie 2018 ôf giet de Schreiersbrêge yn Dokkum tydlik iepen foar fytsers en fuotgongers. Der wurdt in 30km-sône ynsteld en der komme ekstra warskôgingsbuorden, oanpaste belining en in attinsjeboerd (smiley). Soks om in sa feilich mooglike situaasje te meitsjen foar de fytsers en fuotgongers.

It kolleezje hat ta de tydlike maatregel besletten om de minsken yn ‘e mjitte te kommen, sadat se net mear in stik om moatte. It Fytsersbûn hat ek frege om de oanpassings besykje te wollen. De tydlike yngreep wurdt opheft as de fyts- en fuotgongersbrêge oer it Dokkumer Grutdjip iepen is. Dat sil nei alle gedachten tsjin de ein fan dit jier wêze.

Ferkearsbeslút fan 2016
De tagong ta de Schreiersbrêge foar fytsers en fuotgongers is yn 2017 ferbean. It kolleezje fan Dongeradiel hat dêr doe ta besletten om de feiligens op de wei te fersekerjen. Foar it beskermjen fan de ferkearsdielnimmers en passazjiers wie it nedich om in ferkearsmaatregel te nimmen op de parallelbaan. Troch de beheinde breedte fan de parallelle rydbaan en it grutte oandiel oan frachtferkear, yn kombinaasje mei it stadige ferkear (fytsers en fuotgongers), waard de ferkearsfeiligens foar dy kwetsbere groep te folle oantaaste.

maaie 15, 2018 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*