Santjin deaden by islamityske oanslaggen yn Yndonesië

maaie 13, 2018 15:46

Yn trije kristlike tsjerken yn it Yndonesyske Soerabaja binne snein bommen ûntploft. Op syn minst santjin minsken binne dearekke. Mear as fjirtich minsken lizze mei ferwûnings yn it sikehûs.

De dieders fan de oanslach binne identifisearre. It giet om in radikaal islamitysk echtpear en harren fiif bern. Hja binne by de oanslaggen sels ek allegear om it libben kommen.

De bommen ûntploften yn in katolike tsjerke, in protestantsken ien en yn ien fan ‘e pinkstergemeente. In oanslach op in fjirde tsjerke koe opkeard wurde. By twa fan ‘e tsjerken rûnen de dieders mei de bom yn in tas de tsjerke yn en blaasden harsels dêr op. By de tredde tsjerke ûntplofte de bom yn in auto dy’t foar de tsjerke parkeard stie.

Yndonesië wurdt sûnt 2000 pleage troch oanslaggen op tsjerken, útfierd troch de islamityske terreurbeweging Jemaah Islamiyah, dy’t bannen hat mei Al-Kaida. Yn 2010 waard in grut part fan de lieding fan Jemaah Islamiyah oppakt en naam it tal oanslaggen hurd ôf, mar de ôfrûne tiid lôget it geweld wer op. De Yndonesyske plysje tinkt dat radikale moslims yn Yndonesië ynspirearre wurde troch de opkomst fan IS yn Syrië en Irak.

 

maaie 13, 2018 15:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.