Rûntsje Keunstsinnich yn en om Stynsgea

maaie 16, 2018 07:45

Dit jier is der ek wer in protte “farsk bloed” en in grut ferskaat by Rûntsje Keunstsinnich. Op sneon 26 en snein 27 maaie o.s. wurdt de Keunstwike fan Achtkarspelen iepene mei fiif sintrale eksposysjeklusters yn Stynsgea en alve iepen ateliers yn ’e omkriten.

Skilderij fan Faye Postma út Drachten (foto: Stifting Keunstkrite Twizel)

Fiif fraaie partikuliere gebouwen waarden troch de ynwenners fan Stynsgea beskikber steld foar mienskiplike eksposysjes fan groepkes keunstners út it noarden. Dêrneist wurde tsjerke, kroech, it notarishûs en de iepenbiere wei brûkt foar in fraai omlistend programma mei in keunstmerk, muzyk, wurksjops stimekspresje en in lêzing oer Willem Bartel van der Kooi.

De Stifting Keunstkrite Twizel makket fan it Kulturele Haaddoarp 2018 in wykein lang in lyts kultuerparadys. Alle aktiviteiten en eksposysjes hawwe te krijen mei it tema ‘Fertel!… Fertel!’. Dêrby binne keunstners útnoege harren ferhaal te fertellen yn wurd en byld. De keunstrûte is beide dagen iepen fan 11.00 oant 17.00 oere. Besikers kinne terjochte op ûndersteande adressen.

Iepen Ateliers:
Atelier Mary Atkins, Reahel 11, 9284 XG Stynsgea
Atelier Janny Baas, Betonwei 26, 9281 KS De Harkema
Atelier Marianna Postma, Minicamping Blauferlaet, Blauferlaet 30, 9284 XH Stynsgea
Atelier De Heakiep, Treksweg 14, 9285 XH Bûtenpost
Atelier/Galerie Tamme Hoekstra, Gedempte Vaart 40a, 9231 AW Surhústerfean
Atelier It Lytse Gea, Wouddijk 4, 9291 LA Kollum
Atelier Anja Kuipers, Scheltingastraat 26, 9285 PG Bûtenpost
Atelier Suzan Bosch, It West 31, 9285 WB Bûtenpost
Studio Mascha de Lange, Harstewei 1, 9288 GN Koatstertille (snein ticht)
De Buwepleats, It Kleasterbreed 3, 9289 KA Droegeham
Atelier Richtsje Veenstra, Koartwâld 15, 9283 TW Surhuzum (Koartwâld)

Klusterlokaasjes yn Stynsgea:

  1. Famylje Van der Kooi/van der Meulen, Geawei 18, 9284 TC Stynsgea
  2. Famylje Pasma, Geawei 20, 9284 TC Stynsgea
  3. Klokkemakkerij Van der Schuit, Geawei 34, 9284 TC Stynsgea
  4. Famylje Borger, Geawei 38, 9284 TC Stynsgea
  5. It Gebou, Abrahamsplein 7, 9284 TD Stynsgea

Sjoch foar it omlistend programma en oare ynformaasje op www.keunstkrite.nl.

maaie 16, 2018 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.