Rjochter leit it near op lawaaiprotest, demonstrant sil dat negearje

maaie 3, 2018 19:08

In aksjegroep dy’t mei de nasjonale Deadeebetinking op 4 maaie in lawaaiprotest hâlde woe, kriget dêr fan ‘e rjochter gjin tastimming foar. De rjochter hat oardiele dat soks fersteuring fan ‘e iepenbiere oarder is. De boargemaster fan Amsterdam tocht der ek al sa oer en hie gjin tastimming foar it protest jûn.

Wurdfierder Rogier Meijerink hat sein dat er net fan doel is en hâld him oan de rjochterlike útspraak. Hy sil likegoed nei de betinking op ‘e Daam komme en “raze”, sa hat er sein. De rjochtbank is neffens him “een koloniaal instituut” en de Deadebetinking “racistisch”. De rjochter hat him dêrom in gebiedsferbod oplein. Hy mei mei de betinking net yn it sintrum fan Amsterdam komme. Meijerink hat sein dat er him dêr ek net oan hâlde sil.

maaie 3, 2018 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.