Reboeljemakker wol mei Deadebetinking lawaaiprotest hâlde

maaie 2, 2018 13:07

Foto: Scouting Nederlân

Tagelyk mei de nasjonale Deadebetinking op 4 maaie yn Amsterdam wol in groep minsken dan in lawaaiprotest hâlde. De aksjefierders beskôgje de Deadebetinking as rasistysk, om’t dy allinne rjochte wêze soe op blanke Europeeske slachtoffers fan ‘e Twadde Wrâldoarloch.

De gemeente Amsterdam beskôget de aksje as in fersteuring fan ‘e iepenbiere oarder en wol der gjin tastimming foar jaan. De aksjegroep wol fia de rjochter dochs tastimming ôftwinge. Tongersdei komt de saak foar.

De inisjatyfnimmer fan it lawaaiprotest is neffens De Telegraaf Rogier Meijerink, in man dy’t earder yn it nijs kaam fanwegen syn grutte rol by kreakersreboelje yn Utert. Dêrby waard brânstifte en waarden plysjes mei fjurwurk bekûgele. De reboeljemakkers soargen foar sechtichtûzen euro oan skea. Meijerink hat dêr yn 2013 in finzenisstraf foar krige.

maaie 2, 2018 13:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*