Provinsje kiest foar feroaring yn persoanielsynset

maaie 15, 2018 15:11

Troch ûnder mear it klear krijen fan grutte ynfraprojekten en it krimpen fan de provinsjale begrutting sil de provinsje Fryslân wurkje mei minder persoaniel. Dat bart sûnder twongen ûntslaggen. Om dat allegear op in goede wize ferrinne te litten is it Strategysk Persoanielsplan (SPP) fêststeld.

It kommend jier nimt it tal arbeidsplakken ôf mei 110 fte. Dat wurdt berikt troch it weromkringen fan ynhieren, it net ferlinjgen fan tydlike kontrakten en it oerpleatsen fan de brêge- en slûsbetsjinners fan it Prinses Margrytkanaal nei Rykswettersteat. Der is ek aardich wat natuerlik ferrin benammen fanwegen pensjonearring.

Untwikkeling funksjes
De krimpende begrutting en in foar in part feroarjende rol en posysje fan ’e provinsje yn de mienskip freget om oare ynset fan persoaniel. Mei it SPP wurdt útmakke wat dat betsjut foar de kwaliteit en de kwantiteit dêr’t yn it persoanielsbestân ferlet fan is. It plan jout ynsjoch yn ’e ûntwikkeling fan de funksjes en oantallen de kommende jierren.

Nau belutsen
Provinsjale Steaten, it persoaniel en de meisizzenskipsried binne op de hichte steld fan de plannen. De Undernimmingsried (OR) is belutsen by it opstellen fan it SPP. By de fierdere útwurking wurde it persoaniel en de OR nau belutsen. Mei it SPP en de wize fan mei opjeften wurkjen is no ekstra budzjet beskikber. Dat biedt kânsen en romte foar persoanlike ûntwikkeling fan persoaniel om bliuwend de nedige kunde en feardichheden te ûntwikkeljen en ûnderhâlden. Provinsjale Steaten binne frege it plan yn juny te behanneljen.

 

maaie 15, 2018 15:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ekoed maaie 15, 21:23

    Mei ferbjustering sjoch ik dat Fryslân êfterút roeie sil. Fryslân soe klear weze, de ambtners kenne nei hûs!! Gjin ambysjes mear en de ferkiezingen komme der oan. Ik soe earst mar’ris bettere “oplossingen”foar de wynmûnen betinke, no wurde se sloopt as de subsydzje ferbrûkt binne en ferpeste it lânskip finaal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*