Platfoarm Fryske taalhelp-apps en games online

maaie 16, 2018 10:36

Platfoarm Fryske taalhelp-apps en games online

Elkenien kin no op www.taalhelp.frl terjochte foar Fryske taalhelp-apps, taalgames en oare digitale taalhelpmiddels. De webside jout in handich oersjoch fan fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol.

De webside www.taalhelp.frl is mei ûntwikkele op basis fan in ûndersyk troch de Provinsje Fryslân dêr’t út bliken die dat der ferlet wie fan mear omtinken foar it bestean fan Fryske digitale taalhelpmiddels. Taalhelp.frl is ûnderdiel fan in bredere kampanje wêrby’t neist de lansearring fan it online platfoarm ek ynset wurde sil op telefyzjereklames en in bannerkampanje op populêre Fryske websiden.

Taalhelp.frl is in inisjatyf fan de Afûk yn gearwurking mei Omrop Fryslân en BWH Ontwerpers yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.

maaie 16, 2018 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.