Oriïntaalske skatten Fryske jonker útstald

maaie 18, 2018 08:21

Ofbylding beskiber steld troch it Musée de la Castra Cannes

Fan 8 juny 2018 ôf is yn Beetstersweach de útstalling ‘Tinco Lycklama: in Fryske jonker yn de Oriïnt’ te sjen. Dêr wurdt it bysûndere ferhaal yn ferteld fan in sawat fergetten aadlike Fries, dy’t opgroeide yn Beetstersweach. As jongkeardel reizge er goed trije jier troch de Oriïnt. Nei’t er yn syn bertedoarp werom kaam, rjochtte Tinco Lycklama à Nijeholt (1837-1900) in museum yn mei earstersk guod – om kolleksje fan sawat sânhûndert stik – dat er sammele hie. In pear jier letter ferhuze er nei Cannes (Súd-Frankryk) dêr’t er ek wer in museum iepene. Hy waard respektearre fanwegen syn grutte skinkingen oan roomske ynstellingen.

Yn gearwurking mei it Musée de la Castre yn Cannes en de Tinco Lycklama Foundation komt de kolleksje fan Tinco tydlik nei Beetstersweach werom. Dy kolleksje bringt de reis fan Tinco Lycklama yn kaart. Sa komt men yn ‘e kunde mei syn libben en wurk. Boppedat rjochtet de útstalling it each op in bysûndere wize op Syrië oan ’e hân fan foto’s út de tiid fan Tinco yn kombinaasje mei skilderijen fan de hjoeddeistich archeolooch en keunstskilder Theo de Feyter. Syn gûasjes litte plakken yn it Midden-Easten sjen dêr’t Tinco 150 jier lyn west hat, lykas Damaskus, Aleppo, Palmyra en Beiroet. Om de útstalling hinne binne ekstra aktiviteiten organisearre, ek lêzingen en rûnliedingen.

De útstalling wurdt organisearre troch Stichting Histoarysk Beetstersweach yn it Gritenijhûs (it âlde gemeentehûs), Haadstrjitte17, 9244 CL Beetstersweach fan 8 juny oant en mei 9 septimber 2018. De iepeningstiden binne woansdei oant en mei snein fan 11.00-17.00 oere.
De yntree kostet fiif euro; bern oant en mei 12 jier (ûnder begelieding) fergees.
Mear ynformaasje is te finen op www.historischbeetsterzwaag.nl

maaie 18, 2018 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.