Op ’e nij finansjeel goed jier Súdwest-Fryslân

maaie 18, 2018 08:54

De gemeente Súdwest-Fryslân hat finansjeel op ’e nij in goed jier efter de rêch. De jierrekken oer 2017 lit in plus fan € 426.584 sjen.

“Dat is te tankjen oan it hoedene belied dat wy fierd ha”, seit wethâlder Maarten Offinga, portefúljehâlder finânsjes. “Wy hawwe jild reservearre sagau’t we risiko’s ferwachten en hawwe besunige dêr’t dat moast. Dêr binne we no foar beleanne, mei in posityf jierresultaat.” De akkountant is ek tefreden. Dy komt mei in goedkarrende ferklearring. De wethâlder kin fierder ek in goed rapport sjen litte. Fan de 65 spearpunten dy’t yn 2017 op it programma stiene, binne sechtich útfierd. Fan nijbou fan basiskoallen oant it fersterkjen fan de kennis, kunde en posysje fan de gebietstiims. En fan it oanjeien fan wentebouprojekten oant it ynrjochtsjen fan it Toeristysk Hûs.

Offinga: “De fiif net-realisearre spearpunten komme dit jier ta útfiering, lykas de bou fan De Nije Rolpeal yn Warkum, it ferselsstannigjen fan tennisbanen en it op oarder bringen fan it sportmateriaal foar it bewegingsûnderwiis.” Súdwest-Fryslân hold yn syn begrutting foar 2017 rekken mei in neidielich saldo fan € 3,8 miljoen en rapportearre ôfrûne hjerst boppedat in oanfoljend tekoart fan nochris € 0,8 miljoen. Dat de gemeente dochs posityf útkaam is foaral te tankjen oan de foardielen út it grûnbedriuw. Yn 2017 ferkocht Súdwest-Fryslân foar € 15,8 miljoen oan grûn. It grutste part wie kavels foar wentebou, 230 yn totaal.

“De ûntjouwings yn it sosjaal domein dogge ús deugd”, seit Offinga. “Mei de soarchoanbieders en it regionaal gearwurkingsferbân Sosjaal Domein Fryslân krije we hieltyd mear fet op bygelyks de kosten foar jeugdsoarch.”

Lês de konsept-jierstikken 2017 fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

maaie 18, 2018 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*