Noard-Korea set top mei Feriene Steaten faai

maaie 16, 2018 08:07

Noard-Korea seit de moeting tusken lieder Kim Jong-un en de Amerikaanske presidint Trump opnij yn him omgean te litten, salang’t de Feriene Steaten iensidich de ein fan it Noard-Koreaanske kearnprogramma easkje. Yn in ferklearring fan it Noard-Koreaanske steatsparseburo stiet fierder dat presidint Trump in “mislearre presidint” bliuwt lykas syn foargongers.

Foto: pixabay.com

De topmoeting tusken Kim en Trump stiet plend foar 12 juny yn Singapore en moat de earste moeting wurde fan in sittende Amerikaanske presidint mei in lieder fan Noard-Korea. Neffens it rezjym yn Pyongyang is it lot fan de top “dúdlik” as de FS fêsthâldt oan de denukleêrisaasje fan Noard-Korea, dy’t barre moat lykas eartiids yn Libië. Dêrmei doelt Noard-Korea op útspraken dy’t de Amerikaanske feilichheidsadviseur John Bolton ferline moanne die. Hy sei doe dat de moeting tusken Kim en Trump liede moat ta it ferfieren fan Noard-Korea’s nukleêre arsenaal nei de Feriene Steaten, lykas dat barde mei Libië yn 2004. Dat foel by de Noard-Koreanen net yn goede ierde.

Tiisdei fersette Noard-Korea in oerlis mei Súd-Korea. Pyongyang sei dat it gjin oare kar hie fanwege de militêre oefenings fan Súd-Korea en de FS, dy’t “tsjin it proses fan fersoening yngean”.

maaie 16, 2018 08:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW maaie 16, 18:20

    Dump Trump!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.