Noard-Korea is noch ree ta petear mei Feriene Steaten

maaie 25, 2018 08:06

De Noard-Koreaanske fise-minister fan Bûtenlânske Saken seit dat syn lân noch hieltyd ree is ta in moeting mei de Feriene Steaten. Hy reagearre op it ôfsizzen troch de Amerikaanske presidint Trump fan in topmoeting mei de Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-un. Dy top soe op 12 juny holden wurde yn Singapore.

Foto: pixabay.com

“Wy hiene in protte wurdearring foar it besykjen fan presidint Trump dy’t, oars as syn foargongers, plannen hie om in histoaryske top tusken Noard-Korea en de FS te realisearjen”, stiet yn in ferklearring fan de fise-minister. Dy ferklearring is útjûn troch it Noard-Koreaanske steatsparseburo. Hy lit yn de ferklearring de FS nochris witte dat Noard-Korea iepenstiet om problemen op elts winske tiidstip en op alle mooglike manieren op te lossen.

Betinkingsmunt
No’t de moeting ôfsein is, is in spesjale betinkingsmunt ek net mear relevant. De munt, dy’t útjûn is troch it Wite Hûs fanwege de moeting, is ûnderwilens al ôfprize op de webside fan de offisjele sûvenirwinkel. Ynstee fan 24,95 dollar (goed 21 euro) kostet de munt no 19,95 dollar (17 euro). Minsken dy’t de munt al kocht ha, kinne dy werombringe. Muntsamlers tinke just dat de betinkingsmunt mear wurdich wêze sil fanwege it ôfsizzen.

maaie 25, 2018 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.