Njoggentjin jonge guozzen deariden

maaie 14, 2018 08:27

Foto: pixabay.com

Njoggentjin jonge guozzen binne moandeitemoarn deariden op de seedyk yn Marken. “Moedwillich”, seit in meiwurker fan de stifting Diereambulânse Purmerend, “want it is in lange rjochte dyk en je sjogge se al fan fier oerstekken.” It gie om jonge guozzen fan in wike as fjouwer, fiif âld. “Dy binne dan al gau in sintimeter as tweintich heech. It slimste wie dat guon bistkes noch libben en dêr op it plak sels deagiene.”

De ambulânsemeiwurkers hawwe it ferhaal op harren webside en op Facebook set, dêr’t it in protte dield wurdt en foarsjoen fan kommentaar. “De Diereplysje lêst mei ús mei, dus dy pakt dat sels op”, seit de meiwurkster fan de Diereambulânse. “Fierder hoopje wy dat ien wat sjocht of wit. Ik ferwachtsje net dat de auto in protte skea hat, mar der sille wol fearkes, bloed en stikken fleis oan kleve.”

By de Diereambulânse wurdt oer it foarfal wiidweidich neipraat. De oanblik fan de deade bisten bliuwt lang yn gedachten.

maaie 14, 2018 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*