Nimt it Europeesk Parlemint de boarger wol serieus?

maaie 24, 2018 16:03

Koartlyn hawwe wy mei It Nut yn Frjentsjer in reiske makke nei Straatsburch, in stêd mei in fraai histoarysk sintrum. In nijsgjirrich ûnderdiel wie in besite oan it Europeesk Parlemint, dat de belangen fan de Europeeske boargers behertiget.

De ekskursje waard lykwols in teloarstelling. Dy bestie út in rûnlieding troch it futuristyske gebou fan it parlemint. Sa krigen we de seal te sjen dêr’t de leden fan it parlemint gearkomme (no noch 751). Us Dútsktalige gids draafde sa hurd troch it gebou dat se amper by te hâlden wie, it grutste part wat se te sizzen hie, gie dan ek by ús lâns.

In wichtich ûnderdiel fan de rûnlieding bestie út de fertoaning fan in film oer de EU en spesifyk oer it Europarlemint. Dy film wie echt in ôfdijer: de earste helte fan de tekst waard útsprutsen yn Ingelsk mei Dútske ûndertiteling en de twadde helte wie nei-syngronisearre yn it Dútsk. Der wie gjin wurd Nederlânsk by, sadat de ynhâld in grut part fan de groep ûntgie. Unbegryplik: wêrom wurdt sa’n film net makke yn alle talen fan de EU, sadat eltsenien him folgje kin? It wiist op grutte lytsachting foar de boarger, dy’t wol opdraait foar de kosten. Om de kosten hoecht it net oer te gean: in ynstitút as it Europarlemint, dat sa’n 140 miljoen euro jierliks fergriemt oan de moanlikse ferhuzing fan Brussel nei Straatsburch, soe dochs minstens it fatsoen hawwe moatte om syn ynformaasje oan te bieden yn alle talen fan de Europese Mienskip.

Of libje de Europarlemintariërs sa slim yn in ivoaren toer dat de boarger harren winliken net ynteressearret?

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

maaie 24, 2018 16:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric maaie 25, 10:12

    Napoleon sintralisearre de Nederlânske steat, Fryslân ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard earm. Dat sil no mei Nederlân yn Europa barre.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.