Fideo: Nils Langer fertelt oer taalnoarm, Frysk op skoalle en meartaligens

maaie 1, 2018 16:04

Talen kinne net efterútbuorkje. Dat der op beskate foarmen fan taalgebrûk delsjoen wurdt, komt trochdat minsken mei macht beskate foarmen as ‘goed’ en ‘ferkeard’ oanwize en oaren wiismeitsje dat oaren dom lykje as se de ‘ferkearde’ foarm brûke. Soms binne de ‘ferkearde’ foarmen âlder as de ‘goede’. En wurdboeken jouwe altyd mar in byld fan in stikje fan de taal en kinne net brûkt wurde om ‘goede’ fan ‘ferkearde’ taal te ûnderskieden.

Dat seit Nils Langer, de nije heechlearaar minderheidstalen en Frysk oan de universiteit fan Flensburch, yn in lange útstjoering fan it televyzjeprogramma Gespräche über den Zustand der Welt, op it Offenes Kanal Flensburg. Hy wurdt dêr ynterviewe troch Kathrin Fischer.

Langer fertelt ek dat de minsken dy’t profesjoneel mei meartligens wurkje al lang witte dat dat goed is, mar dat dat boadskip âlden noch altiten net berikt hat. Dêrtroch is der yn earmere streken fan Noard-Fryslân ek noch beswier tsjin it brûken fan Frysk op skoallen. Alden sjogge it Frysk as in behindering foar it goed oanlearen fan it Dútsk, dat de bern nedich binne om foarút te kommen yn ‘e wrâld.

Langer pleitet foar mear ferskaat en tsjin strakke noarmen yn taal. Hy seit dat purisme der wat him oanbelanget allinne op troch kin as it in stribjen nei mear dúdlikens is. Fierder komt er op foar it gebrûk fan allochtoane minderheidstalen lykas Poals en Turksk op skoalle. It idee dat in lân ientalich wêze moat, wiist er as keunstmjittich fan ‘e hân.

De útstjoering is hjirûnder te besjen:

maaie 1, 2018 16:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.