Nij seizoen Royal Opera House no ek yn Kinepolis bioskopen

maaie 16, 2018 07:57

Royal Opera House bringt yn 2018/19 wer heechweardige opera’s en meislepende balletfoarstellings dy’t live mei te belibjen binne yn ferskate bioskopen, ûnder oare by Kinepolis. De foarferkeap is no iepene.

Byld: Kinepolis

De dramatyk, de passy, de emoasjes: op it wite doek wurde se libbensecht. Inkeld in kameralins sit tusken jin en de live-foarstelling yn en just dêrtroch kriget men in blik op it toaniel dy’t men sels fan de djoerste rige yn it teater ôf net krije kinne.

Bekend en bemind
It Royal Opera House bringt yn seizoen 2018/19 in tige ferskaat oanbod kwa karakter en styl. Der binne fansels klassikers en wurken basearre op rûnom bekende ferhalen, lykas Die Walküre (28 oktober) en La Traviata (30 jannewaris), mar der binne ek 20e-ieuske kreaasjes, lykas it ballet Mayerling fan MacMillan (13 oktober). The Nutcracker (3 desimber) besoarget in wite desimbermoanne en Romeo en Juliet (11 juny) slút it seizoen leafdefol ôf.

Stjer fan de jûn
Der skitterje fansels sjong- en dûnstalinten op it wite doek, mar ek de besiker wurdt troch Kinepolis ferwolkomme as in echte stjer. Sa genietet men altyd fan in gleske prosecco en sit men optimaal yn hearlike stuollen mei in protte romte foar de fuotten. Yn in tal bioskopen binne spesjale Cosy Seats dêr’t je gesellich tegearre yn sitte kinne.

Sjoch foar it folsleine oanbod op kinepolis.nl/opera-ballet. De foarstellings fan Royal Opera House binne ûnder oare ek te sjen yn de Bios op It Hearrenfean. Sjoch op bios-heerenveen.com foar de data.

maaie 16, 2018 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*