NASA wol mei helikopter nei Mars

maaie 14, 2018 08:02

NASA sil mei in minyhelikopter ûndersyk dwaan op Mars. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje wol mei de romtehely oantoane dat sok ultralicht loftreau goed ynset wurde kin op Mars, bygelyks as leechfleanende ferkenner, of om parten fan de planeet te berikken dy’t inkeld út de loft wei tagonklik binne. It tastel, dat wat liket op in drone, weacht sa’n 1800 gram. De romp is net grutter as in honkbal. As alles goed giet, wurdt de helikopter yn 2021 it earste selsstannige fleanend objekt op in oare planeet.

De hely is spesjaal ûntwikkele foar de omstannichheden op Mars. De lucht is dêr hûndert kear iler as op ierde. De twa wjukken meitsje sa’n 3000 omwintelingen de minút. By in gewoane, bemanne helikopter op ierde is dat tsien kear minder. NASA hat de hely al wiidweidich test. De organisaasje sjocht de Mars-helikopter as in high-risk, high-reward project. As de flechten mislearje, hat dat gjin gefolgen foar de Mars-missys fan NASA. Mar as se in súkses binne, sjocht de romtefeartorganisaasje mooglikheden foar ferkenningsflechten nei parten fan de planeet dy’t oer de grûn lêstich te berikken binne.

Animaasje fan de Marshelikopter and Mars 2020-rover:

Byld: NASA/JPL-Caltech

 

maaie 14, 2018 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.