Meirider (ferhaaltsje)

maaie 5, 2018 18:44

Meirider

Koart ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

It is meastal op in snein dat myn frou en ik wolris út toeren geane. Efkes mei de auto derop út om de tiid om te krijen sa no en dan. Ik moat dan altyd ride, want de frou hat gjin rydbewiis. Hja hat it wol besocht, mar it woe mar net slagje, spitich genôch. Ik sykje dan oarden út dêr’t wy noch nea west hawwe. Dat fâlt langer net ta, want wy hawwe nochal ris fuort west. Ik sis wy, want myn frou ‘rydt’ altyd mei, moatte jo witte. Hja hâldt ûnder oare altyd op ’e kuer hoe hurd oft wy ride meie.

Myn frou sjocht alles, hja is in betûft autorider sa njonkelytsen. Ik sjoch dy eachjes dan wol gean nei it meterke foar my. “Do meist hjir fyftich, hear”, seit se steefêst as ik dan fiifenfyftich ryd, en somtiden wat slûchslim, lykas: “Der stie in boerd mei santich derop. Stie dat dêr altyd al, ju? Mar net te hurd ride, aanst hawwe wy in boete.” As ik ôfremje moat, dan sjoch ik har foet wol gean en remmet se mei, dy pop. Sadwaande hoech ik nea bang te wêzen foar in boete foar te hurd riden. Och, hja bedoelt it sa goed en in boete fynt hja weismiten jild en dat is ek sa.

Lêsten lei in dochter fan ús yn it sikehûs, om’t hja in poppe krije moast. Myn frou is ien mei ús bern en hja libbet altyd tige mei, foaral nei in telefoantsje dat it net rjocht woe en dus wol ‘helle’ wurde moast. It wie al let op ’e jûn en myn frou wie alhiel oerémis, want it soe de earste beppesizzer wurde. Dus hja woe der dochs graach by wêze. Hawar, ik ried neffens wenst fansels op ’e limyt, krekt net te hurd, mar ik fielde wol dat hja ûnrêstich wie en hast net wachtsje koe. “It is no al sa let, dat do kinst no wol wat hurder ride”, sei se.

Dat hie ik net earder meimakke en hie hja net sizze moatten. As gefolch dêrfan wiene wy hânsum yn it sikehûs by ús dochter. It wie allegearre al wat swier gien, mar it is goed beteard efternei. Seis wike letter hie ik wol in grouwe bon yn ’e hûs fansels. Myn frou woe it earst net leauwe en makke har der mar maklik ôf. Se sei: “Beppe wurde je net alle dagen.” Ik seach har fernuvere oan, wêrnei’t se sei: “en lykwols, beppe wurde, dat mei wol in pear sinten kostje.” It hat wol foar in feroaring soarge, want ik ‘ryd’ no meastal ‘allinne’.

 

maaie 5, 2018 18:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*