Lêzing ferhalen stoart Ald Dwinger

maaie 18, 2018 08:36

Yn it ramt fan ‘Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ‘e moanne’ yn it Provinsjehûs sil Meindert Schroor in lêzing hâlde oer it stoart Ald Dwinger yn de Alde Feanen. Dizze  kear sil dat op 24 maaie, dus de op ien nei lêste tongersdei fan ‘e moanne, wêze.

Oer stoart Ald Dwinger binne hiel wat ferhalen. It delstoarten fan Lancaster R5682 is dêr mar ien fan. Histoarikus Meindert Schroor hat op fersyk fan de Provinsje in grut tal ferhalen oer it stoart boppe wetter krige en beskreaun yn syn boek ÂLD DWINGER. Van vuilstort tot natuurdomein.

It eilân Ald Dwinger, yn natuergebiet De Alde Feanen, is fan 1921 oant 1962 brûkt as stoartterein. In protte ôffal is dêr telâne kommen. De ôfrûne jierren koe de natuer syn gong gean en ûntstie der in unike begroeiïng. De Provinsje en It Fryske Gea wolle dat graach sa hâlde. Dêrom is it terrein ‘ynpakt’ sadat it natuergebiet net fia in grûnwetter fersmoarge wurde kin. It wrak fan de Lancaster R5682, dy’t yn de nacht fan 4 op 5 septimber 1942 delstoart is yn de kant fan de Ald Dwinger, lei yn it paad en moast romme wurde.

De spannende mominten dy’t de bemanning fan de Lancaster dy nacht belibbe hat, binne te besjen yn de eksposysje “Geraakt! De laatste vlucht van Lancaster R5682” yn it besikerssintrum Nationaal Park De Alde Feanen, Koaidyk 8a yn Earnewâld. Mear ynformaasje oer de eksposysje en de eftergrûn fan de Ald Dwinger is te finen op www.fryslan.frl/alddwinger.

De lêzing fan Schroor is op tongersdei 24 maaie 2018 yn it Provinsjehûs. De seal is om 12.00 oere iepen, de lêzing begjint om 12.15 oere, duorret omtrint in oere en is frij tagonklik. De fiertaal is Nederlânsk. Nei ôfrin fan de lêzing krije de harkers in fergees eksimplaar fan it boekje. Elkenien is wolkom, mar it wurdt tige op priis steld as foar 22 maaie te witten dien wurdt wa’t komt en mei hoefolle persoanen. Oanmelde kin op wolkom@fryslan.frl.

Plende aktiviteiten 2018
24-05-2018 Lêzing oer natuergebiet/stoart Ald Dwinger
28-06-2018 Underwerp noch net bekend
26-07-2018 Gjin aktiviteit (simmerfakânsje)
23-08-2018 Gjin aktiviteit (simmerfakânsje)
27-09-2018 Lêzing troch Tresoar oer de Sonttolregisters
25-10-2018 Gjin aktiviteit (hjerstfakânsje)
29-11-2018 B. Bilker, lêzing (titel folget noch)
27-12-2018 Gjin aktiviteit (krystfakânsje)

maaie 18, 2018 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.