Lavaspuitsjende fulkaan Hawaï soarget hieltyd foar problemen

maaie 20, 2018 10:13

De ûnrêstige fulkaan Kilauea soarget hieltyd foar problemen op Hawaï. Lavastreamen hawwe ûnderwilens tsientallen huzen ferwoaste. Mear as 2000 minsken binne evakuearre. Amerikaanske autoriteiten binne benaud foar mear fan itselde de kommende dagen, no’t de lava hieltyd minder kontrolearber út de fulkaan op Big Island streamt.

Foto: Wikipedia

Kilaunea barste begjin dizze moanne út. Bestjurre lavastreamen hawwe diken blokkearre en it floeibere stientme komt op guon plakken de oseaan benei, wat foar nij hollebrekken soarget op Hawaï. As lava yn oanrekking komt mei seewetter, komt der sâltsoer frij en sjitte flintertinne stikjes glês de loft yn. It Amerikaanske parseburo AP berjochtet ûnderwilens dat in persoan ferwûne rekke is troch de útbarsting. In man krige in klonte lava op ’e skienbonke doe’t er op syn balkon siet. “Dat hat alles op dat plak ferbrizele”, hat in gemeentewurdfierder tsjin AP sein.

De útbarstings binne by de top fan de goed 1200 meter hege Kilauea. Tongersdei slingere de fulkaan stiennen en jiske kilometers de loft yn. Mar ek op sa’n fjirtich kilometer eastlik fan de fulkaan komt lava troch tsientallen skuorren út de grûn fanwege de lange, ûndergrûnske magma-earms fan de fulkaan. Geologen hawwe gjin aan hoelang’t de Kilauea noch ûnrêchtich bliuwt. Se sjogge wol dat de lavastreamen wol hieltyd flugger, fûler en hiter wurde, om’t ûnder de grûn farsk magma, ôfkomstich út de top fan de Kilauea, him mingt mei magma dat al desennia âld is. By guon skuorren spuitet de lava tsientallen meters de loft yn.

Nije evakuaasjes wurde troch de autoriteiten op Hawaï net útsletten as de lavastreamen mear diken blokkearje of huzen bedriigje.

maaie 20, 2018 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.