Kursus AVG foar ferienings yn Súdwest-Fryslân

maaie 28, 2018 09:27

Foar ferienings yn Súdwest-Fryslân wurdt yn juny en july in twadeiske kursus organisearre oer hoe’t sy omgean moatte mei de nije privacywet. De kursus is in inisjatyf fan de buertsportcoaches yn ’e gemeente.

Op 25 maaie 2018 waard de Algemiene Oardering Gegevensbeskerming (AVG) fan krêft. Dêr stiet yn dat bedriuwen en oerheden, mar ek frijwilligersorganisaasjes sekuer byhâlde moatte hokker gegevens se sammelje, wêrom’t se dat dogge en foar hoe lang. Ferienings yn Súdwest-Fryslân moatte de kommende moannen ynspannings ferrjochtsje om klear te wêzen foar dy wet.

De kursus is op twa jûnen, op 20 juny en 4 july, fan healwei achten oant healwei tsienen, yn De Klink yn Koudum. Op de earste jûn wurdt foaral yngien op de needsaak en teory efter de wetjouwing. Op de twadde jûn wurde de puntsjes op de ‘i’ set oer de aksjes dy’t ûndernommen wurde moatte.

“Nei de twa jûnen binne de ferienings ‘AVG-proof'”, seit ferieningsstiper René van Dam fan de gemeente. “De dielnimmers krije in ferklearring dêr’t se mei sjen litte hokker aksjes de feriening dien hat om oan de privacywet te foldwaan.”

Datum:  20 juny en 4 july
Tiid: fan 19.30 oant 21.30 oere
Plak: De Klink yn Koudum (ds. Tinholtstraat 1, 8723 CW)

Mear ynformaasje en oanmelde
Foar mear ynformaasje en oanmelde foar de kursus sjogge jo op sport.sudwestfryslan.nl of nim kontakt op mei ferieningsstiper René van Dam fia r.vandam@sudwestfryslan.nl.

maaie 28, 2018 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*