Kultfilm ‘The Big Lebowski’ nei tweintich jier wer yn ’e bioskoop

maaie 15, 2018 08:44

Foto: pixabay.com

In protte minsken yn badjassen en T-shirts mei sinnebrillen ha moandei de kultfilm The Big Lebowski opnij op grut skerm sjoen. Dat barde yn 82 bioskopen yn Nederlân, ûnder oare op Utert Sintraal en yn Slieker filmhûs yn Ljouwert. Yn Ljouwert en Utert wiene foar de gelegenheden ek bowlingbanen delset. De troch Jeff Bridges spile haadpersoan en syn freonen dogge net folle mear as bowlen en blowen. Oant Lebowski trochinoar helle wurdt mei in miljonêr mei deselde efternamme dy’t skulden ynlosse moat en hy fertize rekket yn in ûntfieringssaak.

Yn 1998 luts The Big Lebowski yn trettjin Nederlânske bioskopen likernôch 82.000 besikers. Dat smiet sa’n 488.000 euro op. De film wie foaral yn Amearika tige populêr. Yn tritich stêden waard sûnt 2002 in “Lebowski Fest” organisearre, dêr’t troch de jierren hinne ek in protte akteurs út de film kamen.

Besjoch hjir de trailer fan de film.

maaie 15, 2018 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.