Kongres FUEN yn Fryslân: in wike lang prate oer lytse talen

maaie 17, 2018 23:41

Wat hat Fryslân oan saakkundigens te bieden as it giet om meartaligens? Dat sil ein juny blike. Dat is de Ried fan de Fryske beweging nammentlik gasthear fan it jierlikse kongres fan FUEN. Dat is in grut Europeesk gearwurkingsferbân fan organisaasjes dy’t te krijen hawwe mei (taal)minderheden.

It kongres wurdt hâlden yn Ljouwert en ta de sprekkers hearre ûnder oaren Goffe Jensma en Nanna Hilton fan de Ryksuniversiteit Grins. Hja sille oan it wurd oer de teory en de praktyk fan likense taalrjochten yn Fryslân. Alex Riemersma fan hegeskoalle NHL Stenden jout ek syn fisy en Taalsintrum Fryslân presintearret oan ‘e útlânske gasten it Fryske systeem fan trijetalige basisskoallen. De dielnimmers krije ek de mooglikheid om in stedskuier troch Ljouwert te meitsjen en in part mei te krijen fan it program fan ‘e Kulturele Haadstêd.

Friezen binne ek wolkom om mei te dwaan en ûnderfinings út te wikseljen mei de gasten út oare gebieten mei in minderheidstaal. De kongrestalen binne Dútsk en Ingelsk. Oanmelding kin op it webstee https://congress2018.fuen.org/registration/index/#welcome.

maaie 17, 2018 23:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.