Bywurke: Kladderjende Malineeske held kriget ferbliuwsfergunning en baan

maaie 28, 2018 10:09

De man dy’t in bongeljende Frânske beuker fan in balkon rêde, blykt in Malinees sûnder ferbliuwsfergunning te wêzen. De krante Le Parisien spruts mei de 22-jierrige Mamoudou Gassama, dy’t in healjier lyn nei Frankryk kaam om in takomst op te bouwen.

Foto: pixabay.com

“Ik wie mei myn freondinne op ’en paad om de Champions League-finale te sjen, doe’t ik ynienen allegear minsken razen hearde”, seit Gassama. “Dat ik stuts de dyk oer en klom fia in doar en de oare balkons nei boppen.” Op bylden dy’t fan de rêding makke waard is te sjen hoe’t Gassama sûnder te twiveljen fjouwer ferdjippings omheech klimt om it bern te rêden. De beuker hold tanksij syn optreden inkeld in brutsen neil oan it ynsidint oer. Gassama sels rûn wat skrammen op.

“Ik tocht net oan de hichte, ik tocht net oan de risiko’s”, fertelt Gassama, dy’t wol oan sport docht mar fierder gjin ûnderfining hat as klimmer. “Ik die it om’t it in bern is. Ik bin gek op bern.” Gassama wurdt yn Frankryk as held eare. Boargemaster Hidalgo fan Parys lit witte dat se Gassama ûnderwilens telefoanysk betanke hat. “Syn died is in foarbyld foar alle boargers”, skriuwt se op Twitter. “Fansels sil ik him stypje yn syn besykjen om hjir yn Frankryk te bliuwen.”

Neffens tsjûgen hiene de âlden it fjouwerjierrich jonkje allinnich yn de flat efterlitten.

Bywurke 11.30 oere: De Malineeske man kriget de Frânske nasjonaliteit en in baan by de brânwacht. Dat berjochtet de Frânske nijsside BFMTV. De 22-jierrige man waard moandeitemoarn troch presidint Macron huldige yn it Élysée.

maaie 28, 2018 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.