Jubileumedysje De Nasjonale Foarlêskriich

maaie 18, 2018 08:33

Wurdt alvejierrige Pieter út Ljouwert op 23 maaie De Nasjonale Foarlêskampioen fan 2018?

Op woansdei 23 maaie 2018 wurdt foar de fiifentweintichste kear de lanlike finale fan De Nasjonale Foarlêskriich holden yn de skouboarch fan Amstelveen. Yn dy fiifentweintich jier diene likernôch oardel miljoen bern mei as foarlêzer of as harker. Tûzenen skoallen hawwe De Nasjonale Foarlêskriich omearme as lêsbefoarderjend projekt foar groep sân en acht. De Fryske learling Pieter van Aalst (alve jier út Ljouwert) nimt it yn de lanlike finale op tsjin de foarlêskampioenen fan de alve oare provinsjes.

Oer De Nasjonale Foarlêskriich
De Nasjonale Foarlêskriich is de grutste jierlikse lêsbefoarderingswedstriid fan Nederlân foar de groepen sân en acht fan de basisskoalle. De wedstriid is in inisjatyf fan Stichting Lezen, yn gearwurking mei de Iepenbiere Biblioteken. De provinsjale finales wurde organisearre troch de Iepenbiere Biblioteken en de Provinsjale Understeunings Ynstellings. De belutsen organisaasjes wolle mei de wedstriid in breed publyk sjen litte dat (foar)lêzen net allinnich wichtich, mar ek moai is. Sjoch ek op www.denationalevoorleeswedstrijd.nl.

Foarkrigen 2018 en finalisten
Basisskoallen yn Nederlân hawwe opnij manmachtich meidien oan de foarkrigen fan De Nasjonale Foarlêskriich. Yn dit jubileumjier binne yn totaal 3.500 skoalkampioenen oanmeld, dy’t selektearre binne út goed 233 tûzen dielnimmers. Dêr binne tolve provinsjale winners út fuortkaam, dy’t op 23 maaie yn ’e kampslach geane. Yn ’e finale lêze se foar in folle seal in stikje foar út harren favorite berneboek. Dêrneist moatte se allegearre ‘net-taret foarlêze’ út in boek dat se noch net kenne.

De presintaasje is yn hannen fan Klaas van Kruistum, presintator fan ûnder oare Zapplive. Yn de sjuery nimme diel: Jos Debeij (Keninklike Biblioteek), Bibi Dumon Tak (berneboekeskriuwster) en Lucas van de Meerendonk (presintator NOS Jeugdsjoernaal). Under foarsitterskip fan Berneboekeambassadeur Monique Hagen bepale sy wa’t him of har De Nasjonale Foarlêskampioen 2018 neame mei.

De winner of winneres wurdt neist De Nasjonale Foarlêskampioen 2018 ek in jier lang bernedirekteur fan it Berneboekemuseum yn De Haach. Hy of sy kriget in wichtige taak by de start fan útstallings en eveneminten en sjocht derop ta dat it museum nijsgjirrige aktiviteiten organisearret foar bern fan trije oant en mei trettjin jier.

maaie 18, 2018 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*