Jan Willem Zwart: Lit jo ynspirearje op it stoart

maaie 5, 2018 20:00

Kollum

File yn ’e Wâlden. Op saterdeimoanne stiet der in lange rige foar it gemeentlik stoart. Auto’s mei oanhingweintsjes fol mei guod. Meastentiids sit der in soarte fan grien fiskersnet oerhinne. Der stekt ek wolris wat ta’n út. It is maitiid en minsken begjinne wer wat te dwaan yn ’e tún. Foar in protte minsken nammerste mear reden om skjin te begjinnen en it âlde guod op te romjen. Op it stoart steane grutte izeren bakken mei buorden derop: izer, húsried, hout, pún en kompost. Oan de oare kant stiet in grutte kontener mei apparaten dêr’t in stekker oan sit. Auto’s ride hinne en wer en der wurde karren fol leechmakke.

Minsken komme wer bûten en wolle skjin de simmer yn. Binnendoarren wolle se ek graach skjin en oprêden it nije seizoen yn. It is net om ’e nocht dat it de knyntsjedagen mei de Peaske en de Pinkster sa drok is by de meubelwinkels. Minsken wolle nij guod hawwe foar yn harren leechhelle hûs.

De fraach is fansels wêrom’t de minsken sa graach oprêden de simmer yn wolle. Wolle se frij sicht hawwe? Allinnich mar nij guod om harren hinne? Wolle se opromme oerkomme foar de buorlju? Of is it hiel wat oars? Is it de holle leech te meitsjen fan al dat materiaal? Ommers, it measte dat fuortsmiten wurdt is noch goed te brûken. Hoe maklik is it om sels kompost te meitsjen. In bultsje takken yn ’e tún is krekt goed foar fûgels en stikelbarchjes. Hoe ienfâldich is it om fan âlde planken nêstkastkes te meitsjen, of âlde potten te brûken foar it kweken fan eigen griente. Libje wy net yn in te maklike fuortsmyttiid? Moat alles der himmel en skjin útsjen foar it nije simmerseizoen? Duorsum is tige wichtich foar ús miljeu en sparret ek nochris in protte jild, tiid en fysike enerzjy. Duorsumens en kreativiteit ynspirearje soms krekt ta hiel moaie nije tapassingen fan âld guod. Tink der nochris oer nei foardat jo nei it stoart ta ride. Wês unyk mei jo selsmakke túnmeubels of lampen foar ûnder it ôfdak. Lit jo ynspirearje op it stoart!

maaie 5, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne maaie 9, 12:18

    It wurd ‘dwingel’ liket allyksa fuortsmiten te wêzen. Dat is oars ek noch goed te brûken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*