It Amelân kriget yn july waarnimmend boargemaster

maaie 5, 2018 20:10

ôfbylding: Wikikids

De gemeente It Amelân kriget neidat boargemaster Albert de Hoop op 1 july fan dit jier fuortgiet in waarnimmend boargemaster. Dy bliuwt yn alle gefallen in jier. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat dat moandei by in besite oan it eilân mei de gemeenteried en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ôfpraat.

De Hoop makke ferline jier bekend dat er nei twa amtsperioden as boargemaster fan it Amelân fan mei-inoar tolve jier dermei ophâldt. Hy hat dan de langstsittende nei-oarlochske boargemaster fan it eilân west. Syn ôfskied sil ein juny wêze.

Kommissaris Brok sprekt de wurdearring út foar de ynset dy’t de boargemaster sjen litten hat. Benammen op it mêd fan it enerzjyneutraal meitsjen fan it eilân, de toeristyske ûntwikkeling en it op ’e kaart setten fan it Amelân, binne der ûnder it boargemasterskip fan De Hoop grutte stappen set, seit de hear Brok.  

Mei de ried en kolleezje hat de kommissaris wiidweidich en yngeand praat. Der binne bestjoerlike ôfspraken makke. Dúdlik is dat elkenien ferlet hat fan politike rêst op it eilân. De waarnimmend boargemaster kriget as wichtige taak om te soargjen dat soks slagget. De kommissaris hat de ried frege om kenber te meitsjen oer hokker kwaliteiten in waarnimmend boargemaster beskikke moat. Op grûn dêrfan kiest er in beneambere kandidaat.

Nei’t er begjin july praat hat mei in delegaasje fan de gemeenteried en dúdlik is dat de ried de seleksje fan de kommissaris stipet, sil de hear Brok de waarnimmend boargemaster beëdigje. As nei in jier fêststeld is dat der sprake is fan politike stabiliteit op it eilân, begjinne de petearen oer de proseduere foar in Kroanbeneamde boargemaster.

maaie 5, 2018 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.