Ingelske rjochter leit parse it swijen op

maaie 28, 2018 21:18

In rjochter yn it Ingelske Leeds hat de parse ferbean om te skriuwen oer de arrestaasje fan in boargersjoernalist. De man makke op ’e dyk opnamen fan fertochten dy’t de rjochtbank yn brocht waarden. Dat mocht net. De krante The Independent hat him as iennichste neat oanlutsen fan it rjochterlik ferbod.

In groep fan 29 Pakistaanske manlju moast foar de rjochter ferskine op fertinking fan it oantaasten en ferkrêftsjen fan minderjierrige froulju. Stephen Yaxley-Lennon, ûnder syn ynternetnamme Tommy Robinson bekend as fûl tsjinstanner fan ’e islam, wie as boargersjoernalist by de rjochtbank oanwêzich. Hy filme hoe’t de fertochten de rjochtbank yn brocht wurdt.

Yaxley-Lennon waard oppakt en fuortendaliks feroardiele ta in selstraf. Hoe lang oft dy is, is net bekend. De rjochter oardiele fierder dat net oer de feroardieling fan Robinson berjochte wurde mocht yn de parse.

It is de twadde kear dat Yaxley-Lennon oppakt wurdt foar it filmjen fan fertochten. Earder al beskôge in rjochter dat as it minachtsjen fan ’e rjochtbank en krige er der in straf op betingst foar. Fragminten fan de arrestaasje binne op Facebook te finen. Dêr is te hearren dat Robinson om in abbekaat freget.

maaie 28, 2018 21:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - maaie 31, 12:52

    De rjochter teamet de parse de mûle. It near lizze op…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.