Iepenloftspul Dronryp spilet yn 2019 Turks Fruit

maaie 9, 2018 14:28

Nei it sukses fan it stik Manon dat yn 2017 spile waard, bringt Iepenloftspul Dronryp yn 2019 de klassiker Turks Fruit op ’e planken.

It is in nij stik en basearre op it boek mei deselde namme, skreaun troch Jan Wolkers, en de suksesfolste Nederlânske bioskoopfilm, dy’t regisearre waard troch Paul Verhoeven. It is in hertferskuorrend ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga, dy’t oan de gefolgen fan in harsentumor komt te ferstjerren. Tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea, passy en hertstocht wikselje inoar dêryn ôf. Fierder sil yn it meislepende stik sjongen en live muzyk in belangrike rol spylje.

De tekst, oersetting en bewurking binne yn hannen fan Dick Jansen. Theo Smedes sil, krekt as yn 2017, de rezjy op him nimme.

maaie 9, 2018 14:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.