Iepen Mienskipsfûns, wat smyt it op?

maaie 23, 2018 10:41

Fryslân brûst fan de inisjativen. Ferline jier diene mar leafst 561 Friezen in berop op it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dy subsydzjeregeling stipet de Provinsje projekten fan ynwenners dy’t de leefberens yn harren wyk, doarp, stêd of op harren eilân ferbetterje wolle.

Deputearre Johannes Kramer: “It IMF ferbynt minsken mei-inoar en laat ta prachtige resultaten. Yn 2017 hawwe wy 319 projekten fan, troch en út de mienskip stypje kinnen mei jild út it Iepen Mienskipsfûns. It IMF bestiet no trije jier. Yn dy trije jier hawwe wy 833 projekten foarút helpe kinnen.”

Ynvestearring
Ferline jier krigen 319 inisjatyfnimmers mei-inoar 4 miljoen euro. Dat subsydzjebedrach hat bydroegen oan in totale ynvestearring yn ’e leefberens fan hast 40 miljoen euro. De projekten rinne tige útinoar; fan it geskikt meitsjen fan MFC’s, tsjerken en doarpshuzen foar alderhande aktiviteiten oant poëzyrûten en teaterfoarstellings, en fan sporteveneminten oant sinnekollektiven. Foar de koälysjeperioade 2016-2019 is mei-inoar 15,8 miljoen euro beskikber.

Oant no ta (2015-2017) hawwe de subsydzjes oan de 833 projekten in totale projektomset generearre fan € 71.674.382. It doel fan it IMF is ‘Leefberens en elkenien docht mei’. It koälysje-akkoart ûnderstreket trije spesifike doelen: kânsen foar boargers, duorsume doarpen en lânskip en kultuerhistoarje. Dy doelen waarden yn 2017 noch better betsjinne as yn 2016.

IMF 2018
Yn 2018 kinne ynwenners ek wer subsydzje oanfreegje út it IMF. Yn de earste subsydzje-omgong fan 2018 waarden al 174 subsydzje-oanfragen yntsjinne. De twadde subsydzje-omgong is no iepen, oant en mei 1 juny. De tredde omgong is fan 17 septimber o/m 12 oktober.

maaie 23, 2018 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.