Ien op de tsien hat tsjintwurdich in doarspion of -kamera

maaie 17, 2018 08:52

Trijefearn docht hoeden of hielendal de doar net iepen as der jûns oanbelle wurdt

Doarspion (foto: Stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken)

De stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken die ûndersyk ûnder 788 húshâldens yn 2018. Ien fan de útkomsten is dat feiligens net altyd allinnich mei goede slotten of alaarmsystemen te krijen hat. Ferljochting by de foar- of efterdoar kin der bygelyks foar soargje dat in ynbrekker weibliuwt en leaver earne yn it donker syn slach slacht. Ferljochting kin ek in gefoel fan feiligens jaan as der jûns oanbelle wurdt. Mear as de helte fan de minsken is hoeden en docht inkeld de doar iepen as yn it keunstljocht troch in rút of doarspion of fideokamera (likernôch tsien persint hat sa’n befeiliging) de besiker werom te kennen is of as de besite foarôf oankundige is. Stean der frjemden oan de doar, dan wurdt der meastal net iependien. In fyfde part docht as it tsjuster is, meastal út ûnwissens of eangst, de doar net mear iepen. Manlju dogge oer it algemien makliker de foardoar iepen as froulju.

Foto: Stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken

Snoadere ferljochting
“Om’t it sa dúdlik in gefoel fan feiligens jout, sjogge wy dat in tige romme mearderheid (85%) ferljochting oan de bûtenkant fan syn of har wenning hat”, seit Coen Staal, foarsitter fan de Nasjonale Ynbreekprevinsje Wiken. “Goed twatredde dêrfan brûkt snoade ferljochting, dy’t wurket op in bewegingssensor (36%), ljochtsensor (20%) of tydskakelder (11%). Ferljochting dy’t gebrûkmakket fan in app op it mobyltsje en dêr’t de lampen fan fia wifi oan- en útskeakele wurde, moat dúdlik noch oan in opmars begjinne (1,3% hat dat). In fearn docht de bûtenlampen gewoan hânmjittich mei in skakelder oan en ut.

Guod mei nei de sliepkeamer
Der wurdt faak warskôge om kostber guod, foaral ek nachts, net yn it sicht te lizzen. Dochs lit likernôch ien op de trije minsken harren kaaien en autokaaien lizze dêr’t se dellein binne doe’t se thúskamen. Froulju nimme harren hântas yn in protte gefallen (45%) ek net mei nei de sliepkeamer. Hoedener binne se mei it mobyltsje. Dat giet it faakst (53%) mei nei de sliepkeamer, mar oft dat út feilichheidsoerwagings is, of dat it noch wolris brûkt wurdt yn de sliepkeamer, bygelyks as wekker, is net bekend. Dêrneist wurde horloazjes en sieraden faak wol mei nei de sliepkeamer naam of of yn in klús of oar feilich plak út it sicht lein.

Kierstânhâlder (foto: Stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken)

Kontrolearje sels jins eigen hûs
Nettsjinsteande de weromrinnende ynbraaksifers (ferline jier 50.000) is it neffens Staal noch hieltyd nedich om omtinken te besteegjen oan ynbraakprevinsje. “Gelokkich sjogge mear en mear minsken yn dat it ferstannich is om út en troch in ûnderdiel fan jins hûs op ynbraakgefoeligens te kontrolearjen. Helje der fuort in PKVW-ekspert by of begjin mei de YnbraakPrevinsjeTsjek op de webside fan de stifting (www.inbraakmislukt.nl). Dêrmei kin men sels ek op ienfâldige wize sawol de foar- en efterdoar as de ruten kontrolearje. Sjocht men oan ’e hân fan foto’s dat men sels in min slot hat, dan helpt de tsjek jin op wei om de feilgens te ferbetterjen. Wol men in goede klús, in elektroanysk alaarmsysteem pleatse of ferljochting bûtenshûs, dan ek helpt de YnbraakPrevinsjeTsjek jin mei tips op wei.

Oer de stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken
De stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken is in publykprivate gearwurking mei as doel wenningbesitters mear bewust te meitsjen fan goede ynbraakprevinsje, om sa by te dragen oan de doelstelling fan it ministearje fan Feiligens en Justysje it tal ynbraken en besykjen ta ynbraak substansjeel te ferleegjen. Waard yn 2012 noch 91.000 kear ynbrutsen of besocht dat te dwaan, yn 2017 wie dat weromrûn nei 50.000 kear. De stifting fiert twa kear jiers kampanje, yn maaie en novimber. Partners yn de stifting binne bedriuwen Assa Abloy, Nauta Veilig, SecuProducts en Zo Veilig yn gearwurking mei it Ministearje fan Feiligens en Justysje en it Ferbûn fan Fersekerders.

Sjoch foar mear ynformaasje oer ûnder mear ynbraakmetoaden en ynbraakprevinsje op www.inbraakmislukt.nl.

maaie 17, 2018 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.