Hersenstichting freget jo help

maaie 25, 2018 07:53

Foto: Hersenstichting

Gaos yn ’e holle nei in besite oan in restaurant, alle dagen de wei kwytreitsje yn jins eigen hûs of in dierbere net mear werkenne. Foar de measten ûntinkbere situaasjes, mar net foar minsken mei in harsenoandwaning. Ien op de fjouwer minsken kriget yn it libben in harsenoandwaning. In grut part hâldt bliuwende klachten en wrakselet alle dagen mei allerhanne prikkels.

Deminsje driget in slimme folkssykte te wurden: ien op de fiif minsken kriget úteinlik deminsje. Dy sykte makket hieltyd mear slachtoffers en kin elkenien oerkomme. De Hersenstichting set him mei hert en siel yn om takomstige pasjinten genêze te kinnen.

Jierliks organisearret de Harsenstifting de kollektewike om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar ûndersyk en foarljochting. Jo kinne help troch in oerke yn jo eigen buert te kollektearjen. Hoe mear kollektanten warber, hoe grutter de kollekteopbringst en hoe mear de Harsenstifting dwaan kin oan ûndersyk en foarljochting. Help by de kollekteorganisaasje is ek fan herte wolkom.

Foar direkt oanmelden as kollektant of kollekte-organisator of foar mear ynformaasje, sjoch op www.hersenstichting.nl of stjoer in mail nei collecte@hersenstichting.nl. Under kantoaroeren kin men skilje op nûmer 070 – 3604816.

maaie 25, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.