‘Heit Meghan Markle net by houlik’

maaie 15, 2018 08:56

Kensington Palace (foto: Wikipedia/Arnoprepa – lisinsje CC BY-SA 4.0)

De heit fan Meghan Markle, de oansteande fan de Britske prins Harry, komt no sneon net nei harren houlik, berjochtet de webside TMZ. Hy soe in hertoanfal hân ha, mar de wichtichste reden soe wêze dat er syn dochter en de Britske keninklike famylje net yn ferlegenheid bringe wol. Kensington Palace wol it berjocht net befêstigje, mar freget wol om begrip foar wat omskreaun wurdt as in “lestige situaasje”.

It wie de bedoeling dat Thomas Markle syn dochter by de houliksplechtichheid begeliede soe. Mar ferline wike ûntstie der gedoch om’t er hin fotografearje litten hie wylst er syn pak foar de brulloft oanmetten krige. Foar de foto’s liet er him betelje. As ferklearring fiert er oan dat er op ferskate manieren yn byld kaam is, sûnt Meghan in relaasje hat mei prins Harry, en dat er dêr faak net goed op stiet. Hy woe diskear sels de rezjy hâlde, mar hat dêr spyt fan, seit er.

Boppedat soe er ferline wike in hertoanfal hân ha, mar hy hie it sikehûs ferlitten om dochs by it houlik wêze te kinnen. It wie de bedoeling dat er ek troch keninginne Elizabeth ûntfongen wurde soe. De healsuster fan Meghan, Samantha, hat gjin goed kontakt mei Meghan en sil ek net by de brulloft wêze.

maaie 15, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*