Grinslanners betrouwe oare minsken net, Friezen wol

maaie 28, 2018 21:27

Friezen hawwe in grut betrouwen yn oare minsken. In romme mearderheid fan de Friezen tinkt dat oaren it goed mei harren foar hawwe. Yn net ien oare provinsje is it mienskipsgefoel sa grut.

Hoe oars leit dat yn Grinslân. Yn it westen fan Grinslân is it betrouwen ek grut, mar yn it easten is it it leechste fan hiele Nederlân.

It sintraal buro foar de statistyk CBS ferklearret it lege betrouwen yn dat gebiet út de ierdskokproblematyk. De NAM en de oerheid hawwe tsientallen jierren liigd oer de relaasje tusken gaswinning en ierdskokken en de skeafergoeding komt ek net goed fan ‘e grûn.

Oer it generaal is it betrouwen yn oaren it heechst by protestanten. Op it plattelân leit it heger as yn ‘e stêd en yn gebieten mei in autochtoane befolking leit it heger as yn gebieten mei in protte net-westerske allochtoanen. It leechst is it betrouwen yn Limburch en Flevolân.

maaie 28, 2018 21:27
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Albert maaie 31, 00:12

    Friezen betrouwe oare minsken, mar de oerheid…?

  2. A.Kramer juny 9, 13:54

    Grinslanners, en dan benammen East-Grinslanners wiene en binne troch de skiednis gauris “vergreld” (Frysk: lilk). Der hat sels in skiednistemadei mei “Vergrelde Grunnegers” as titel west. Dit wie yn de tiid dat se noch grutsk op it gas wiene, en noch net alles fan de gefolgen wisten. Dat mei dat gas hat dizze eigenskip wêr sjen litten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.