Fytstocht ‘Tuhuupe luupe’ ferbynt Friezen mei-inoar

maaie 18, 2018 07:57

Fan 18 oant en mei 20 maaie 2018 organisearret de Ynterfryske Ried in fytstocht fan Bredstedt (Noard-Fryslân) troch East-Fryslân nei Ljouwert. De tocht ferbynt Friezen út Nederlân en Dútslân mei-inoar. Yn it ramt fan LF2018 wurdt gearwurking oer de grins stimulearre op it mêd fan kultuer en taal, mar ek op it mêd fan sport. Sport ferbynt en ferieniget minsken mei-inoar en soarget foar respekt oer en wer. Dêrom hjit it evenemint ‘Tuhuupe luupe’, dat ‘mei-inoar rinne’ betsjut.

De tocht begjint op freed 18 maaie en bestiet ûnder mear út in besite oan it eilân Hilgelân. Op 19 maaie giet it by plakken as Aurwerk en Leer lâns. Op pinkstersnein wurdt de etappe fan Leer nei Ljouwert fytst, dêr’t provinsje Fryslân meiwurking oan ferlient. Op de grins tusken Dútslân en Nederlân, by it EDR-gebou yn Nijeskâns, wurde de fytsers moarns opwachte troch in Nederlânske hurdfytsploech. Dy bestiet út fytsers út de gemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, Súdwest-Fryslân, Dongeradiel, provinsje Fryslân en ûndernimmers út Fryslân.

Bijelint
Op de rûte yn Fryslân is omtinken foar de Fryske kultuer en projekten dy’t ferbûn binne oan LF2018. Sa wurdt der bygelyks in mienskiplik bijelint foarme troch gemeenten en boargers, troch der muoite foar te dwaan dat de bermen oan de rûte ynsiedde en ekologysk beheard wurde. De fytsers litte ûnderweis in spoar fan blomsied yn de foarm fan siedbommen efter. De middeismiel wurdt brûkt yn de Krûdhôf yn Bûtenpost.

Lân fan taal
De middeis wurde de fytsers op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert ûnthelle troch ûnder oaren deputearre Johannes Kramer. Yn it hert fan it Lân fan taal geane de fytsers boartlik oan ’e slach mei taal yn de gebouwen Obe en MeM.

Tradysje
It is de bedoeling om fan de fytstocht in jierlikse tradysje te meitsjen. In tocht mei tema’s as mienskip, ferbining, minderheidstalen, kultuer en fansels sport. De edysje fan 2018 is mei mooglik makke troch stipe fan EDR-INTERREG.

Mear ynformaasje oer de tocht is te finen op www.tuhuupeluupe.org

maaie 18, 2018 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*