Fryslân tredde yn top-10 Europeeske fakânsjebestimmings Lonely Planet

maaie 22, 2018 07:51

Fryslân stiet op nûmer trije yn de list fan Lonely Planet mei Europeeske fakânsjebestimmings dy’t te’n ûnrjochte oer de holle sjoen wurde. Net earder einige in Nederlânske bestimming sa heech op de jierlikse list fan de wrâldferneamde reisgids.

Foto: pixabay.com

Neffens Lonely Planet is Fryslân in “ferburgen pearel” dy’t faak troch ynternasjonale reizgers oer de holle sjoen wurdt. In wichtige reden foar de hege notearring is dat de “gesellige en kompakte” haadstêd Ljouwert dit jier de Kulturele Haadstêd fan Europa is. Fierder priizget de reisgids it wide lânskip en de Fryske Waadeilannen.

Parmaljirre
De Noard-Italiaanske regio Emilia-Romagna einige yn ’e list op nûmer ien. Lonely Planet priizget de kulinêre skatten fan de regio, dêr’t ûnder oare parmaljirre, balsamikojittik en Parmezaanske tsiis wei komme. Op nûmer twa stiet Kantabrië yn Noard-Spanje. Dy regio biedt neffens de gids “in oerfloed” oan rûge natuer.

De list is gearstald troch reissjoernalisten dy’t it kontinint ôfsocht ha nei de spannendste bestimmings dy’t noch net ûntdutsen binne troch it grutte publyk. It Nederlânske reistiidskrift Lonely Planet magazine tipte it haadkantoar ferline jier oer Fryslân.

Drokte
Foar Fryslân komme der faaks drokke tiden oan: yn Rotterdam naam it tal toeristen flink ta, nei’t de stêd yn 2015 op nûmer fiif yn de top-10 fan de gids ferskynd wie. Teksel krige ek mear toeristen, doe’t it Waadeilân yn 2016 op nûmer njoggen kaam.

maaie 22, 2018 07:51
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe maaie 22, 13:04

    En no, applaus foar it stammerjende en prutteljende pr-masyntsje fan KH? In massale en oanhâldende toeristestream is funest foar de regionale taal en kultuer. Wolris by stilstien?

  2. Abe maaie 22, 20:10

    By Merk Fryslân dogge se krekt as wisten se fan neat. Se tinke dêr dat de minsken yn ‘e provinsje dy’t se promote moatte wat dom binne. Mar de fermelding fan in Kulturele Haadstêd fan Europa op in saneamd ûnôfhinklik ta stân kommen Lonely Planet-list is business as usual. Tsien minuten googeljen inkeld nei de lêste jierren:

    Riga ECC 2014
    (oktober 2014) Lonely Planet Lists Rīga as Fourth TOP City to Visit in 2014

    Wroclaw ECC 2016
    (april 2015) Poland has been included in the “Best in Travel 2016” ranking of the 10 best travel destinations by Lonely Planet.

    Aarhus ECC 2017
    Lonely Planet puts Aarhus at the top of the list of Europe’s hottest destinations.

    Pafos ECC 2017
    (maaie 2017) Paphos in Lonely Planet’s top ten 2017 European destinations

    Wat dat oanbelanget, hat it Deenske Aarhus it ferline jier dus in stik better dien as Ljouwert. Wêrfan akte.

  3. HJW maaie 24, 17:45

    In ‘ferburgenpearel’ is nei’t er fûn is gjin pearel mear, mar kin in protte (oer)lêst jaan jaan. Sterkte!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.