Fryslân fierder mei oanpak feangreidegebiet

maaie 18, 2018 07:40

Feangreidegebiet SWF – Wikipedia

In ynvestearring fan 25 miljoen euro yn it feangreidegebiet út de regio wei foar de perioade 2020-2030. Dêr sette de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân op yn om doelstellingen op it mêd fan klimaat, fitaal plattelân en duorsume lânbou te  realisearjen. De regiobydrage bestiet mei út in bydrage fan 1,25 miljoen jiers fan de provinsje Fryslân. Wetterskip Fryslân behannelet ynkoarten de oanpak foar it útfieringsprogram 2020-2030 en it útstel om ek alle jierren 1,25 miljoen euro beskikber te stellen. Fan de kant fan de gemeenten en oanbelangjende lânbou-, natuer- en miljeu-organisaasjes ferwachtet de Provinsje ek bydragen yn ‘e foarm fan ynset, oanpassingen yn de bedriuwsfiering en/of finansjele middels.

It doel fan de oanpak is it kombinearjen fan duorsume lânbou, natuer en wetter yn it feangreidegebiet. De ynset is ferheging fan de wetterpeilen yn it gebiet en tapassing fan ûnderwetterdrainaazje. Dat keart it sakjen fan ‘e grûn op en beheint de útstjit fan broeikasgassen. Foar fjouwer oant seis kânsrike gebieten fan mei-inoar sawat 10.000 bunder komt der in oanpak dy’t op de gebieten rjochte is. Dêryn wurdt ekstra ynset op it behâld fan fean en de karakteristike feangreidewearden. De Provinsje fynt it behâld fan de ekonomyske fitaliteit yn it lanlik gebiet troch duorsume rendabele fertsjinmodellen wichtich en wol dy ambysje realisearje yn ‘e mande mei it Ryk, Wetterskip Fryslân, de gemeenten, lânbou- en natuerorganisaasjes.

De bedraggen binne foarriedich oant dúdlik is wat de krekte maatregels yn it útfieringsprogram binne. Provinsje en Wetterskip stelle it program op mei gemeenten, lânbou- en natuerorganisaasjes. It útfieringsprogram 2020-2030 is in ferfolch op de eardere útfieringsprograms. Dy wiene rjochte op ûndersyk, ûntwikkeling, ynnovaasje, pilots en demonstraasjes. Fan de resultaten dêrfan wurdt yn it nije útfieringsprogram gebrûk makke.

Maatskiplike koste-bate-analyze
Foar de Feangreidefyzje yn 2015 lieten de Provinsje en Wetterskip Fryslân in Maatskiplike koste-bate-analyze (MKBA) meitsje. Dy wurdt aktualisearre foar it útfieringsprogram 2020-2030. Yn de analyze wurde de ekonomyske effekten foar lânbou, wetterbehear, fundearringen, diken, broeikasgasútstjit en oare effekten (û.o. lânskip en natuer) tsjininoar ôfwoegen. It inisjatyfútstel fan de seis politike partijen út Provinsjale Steaten wurdt dêr ek yn meinommen lykas de resultaten fan de MKBA.

Reduksje broeikasgassen
Mei troch it nije regearingsbelied sette de oerheden en lânbou- en natuerorganisaasjes yn Fryslân yn it útfieringsprogram fan de feangreidefyzje sterker yn op reduksje fan broeikasgassen. Sy ferkenne mei it Ryk hokker bydragen oft it Ryk dêr beskikber foar stelle kin.

maaie 18, 2018 07:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.