Frysklearder heart der net echt by, mar is wol autoriteit

maaie 5, 2018 15:19

Minsken dy’t it Frysk as frjemde taal leare, wurde net folslein akseptearre, mar se wurde soms wol beskôge as autoriteit op it mêd fan it Frysk. Dat docht bliken út in ûndersyk fan studinten fan de kampus Fryslân.

Guillem Belmar, Nienke Eikens, Daniël de Jong, Willemijn Miedema en Sara Pinho studearje minderheidstalen op de kampus Fryslân fan ’e Ryksuniversiteit Grins. Hja hawwe in ûndersyk útfierd nei hoe’t der yn Fryslân oansjoen wurdt tsjin minsken dy’t it Frysk net fan hûs út prate. Dat presintearren hja freed op it kongres Contested Languages in the Old World yn Amsterdam.

Nije praters

Taalbewegings wiene der yn it ferline faak op rjochte om derfoar te soargjen dat safolle mooglik âlden de eigen taal mei de bern praten. Taal soe foaral trochjûn wurde moatte yn ’e húshâlding, wie it idee. De ôfrûne jierren is dat idee feroare. De saneamde nije praters kinne nammentlik ek in oanwinst wêze foar in taalmienskip en bydrage oan it behâld dêrfan.

De memmetaalpraters akseptearje dy nije sprekkers lykwols net altiten, sa fertelden de studinten. Fierder ûnderskatte de nije sprekkers gauris harren eigen feardichheid. Dochs binne dy nije sprekkers faak fûlere foarfjochters fan de taal as de memmetaalpraters.

Derby hearre wolle

Yn Fryslân leare minsken soms Frysk út praktyske oerwagings, bygelyks foar in baan, mar yn de measte gefallen dogge se dat om “derby te hearren”. Dat slagget lykwols net altyd. Memmetaalpraters fan it Frysk skeakelje gauris automatysk op it Nederlânsk oer tsjin ien dy’t it Frysk oanleart of oanleard hat. Dat fine de Frysklearders spitich. Dat wiist derop, sa sizze de studinten, dat de nije praters net as folweardige leden fan ’e taalmienskip sjoen wurde.

Autoriteit

Tagelyk kinne dy nije praters wol hiel goed in autoriteit wêze op it mêd fan it Frysk. As hja it Frysk op kursus leare, dan krije se faak in protte regels oer it skriuwen en oer it Standertfrysk mei, dy’t memmetaalpraters net perfoarst machtich binne. Dat sa’n autoriteit dan doch yn it Nederlânsk oansprutsen wurdt, om’t er der net hielendal by heart, is in nuvere paradoks, sa sizze de studinten.

De PowerPointpresintaasje mei hichtepunten út de lêzing fan de studinten is hjir te finen:
https://www.academia.edu/35844121/The_paradoxes_of_being_a_new_speaker_of_Frisian_understanding_motivation_authority_and_legitimacy_in_Fryslân

maaie 5, 2018 15:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. L maaie 5, 17:14

    Friezen dy’t har ferbrekke foar harren bern en bernsbern – ék in nuvere (sike?) paradoks. Foer foar psychologen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*