Frysk Museum earder iepen

maaie 15, 2018 16:10

It Frysk Museum giet mei yngong fan kommende sneon 19 maaie ien oere earder iepen. Dat is fanwegen de grutte belangstelling foar de útstalling Escher op reis. Yn de maaiefakânsje wie de útstalling op ferskillende dagen alhiel útferkocht. De nije iepeningstiden, fan tiisdei oant en mei snein fan 10.00 oant 17.00 oere, jilde foar it hiele museum en jilde oant en mei 28 oktober 2018.

Op 28 april waard de grutte útstalling Escher op reis iepene. Al fan de earste dei ôf die bliken dat de útstalling populêr is en rekke foaral it ierste tiidslot fluch útferkocht. Fan it pinksterwykein ôf sil it museum dêrom foar salang’t de útstalling duorret fan 10.00 oere ôf de doarren iepenje. It museum is boppedat ekstra iepen op Twadde Pinksterdei (moandei 21 maaie). Der wurdt oanret om yntreekaarten online te bestellen. Dêr binne besikers wis mei fan tagong op de dei en tiid dy’t se sels keazen hawwe.

Tiidslotten
Om de besikers de eksposysje optimaal ûndergean litte te kinnen brûkt it museum tiidslotten. Dy jilde foar de keazen oankomsttiid, net foar de duer fan de besite. Mei it kaartsje hawwe besikers boppedat tagong ta de rest fan it museum, dêr’t ûnder mear Phantom Limb: Art beyond Escher te sjen is, en ta it Frysk Fersetsmuseum.

Escher op reis
Escher op reis makket de ûntwikkeling fan M.C. Escher as byldzjend keunstner fielber. In wichtige rol is weilein foar de ynfloed fan de lokaasjes dêr’t er yn syn libben tahold. Oan de hân fan mear as tachtich orizjinele wurken, sa’n tweintich tekeningen, brieven, fotomateriaal en persoanlik attributen, folgje de besikers Eschers fuotspoar. It ynnovative útstallingsûntwerp fan XPEX Amsterdam fersterket it ûndergean fan syn libben en wurk.

maaie 15, 2018 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.